Winst foar Oranjewoud

© Omrop Fryslân
Ingenieursburo Oranjewoud op It Hearrenfean hat yn de earste helte fan dit jier in winst makke fan 8 miljoen euro. Dat is twa miljoen mear as yn deselde perioade yn 2007. De omset groede fan 102 nei 175 miljoen. Dat de omset yn ferhâlding mear groeide as de winst, komt neffens Oranjewoud omdat noch net alle nije ûnderdielen fan it bedriuw goed yntegrearre binne.
It buro wol dêr no oan wurkje. Se doare noch gjin útspraken te dwaan oer de twadde helte fan 2008.