Dokkumer Stedsfeesten los

30 aug 2008 - 09:52

De Dokkumer Stedfeesten binne freed útein setten troch piraten en in soad muzyk. De hiele wike is it grut feest yn Dokkum. Der is in strjitfestifal, toaniel, sang, fjoerwurk en noch folle mear. It feest stiet yn it teken fan 'In maritym bolwurk'. In heal jier lyn like it der net op dat it feest trochgean koe. Der wie te min jild en it bestjoer naam it beslút om it feest net troch gean te litten. Mar úteinlik is it dochs slagge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)