Appelskea lokt boatsjeminsken

29 aug 2008 - 21:04

Boatsjeminsken kinne no ek yn Appelskea oernachtsje. Juster is dêr in nagelnije wettersportfoarsjenning iepene. Der is in steiger fan 370 meter oanlein, mei wetter- en stroomfoarsjenning. Ek binne der douches, húskes, in waskmasine en in droeger. De nije foarsjenning leit oan de Turfrûte.

Yn de gemeente Eaststellingwerf binne no trije oanlisplakken, yn Alderberkeap, Easterwâlde en no dus ek yn Appelskea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)