Wymbrits stekt jild yn jeugd

29 aug 2008 - 20:59

De gemeente Wymbritseradiel hat de begrutting foar 2009 slutend krigen. De gemeente sil takom jier ekstra jild útlûke foar it sosjaal belied, benammen foar de jeugdsoarch. Ek sille de doarpen, doarpshuzen en multi-funksjonele sintra opkreaze wurde. De lêsten foar ôffalstoffen en riolearing geane yn 2009 net omheech.

Op de OZB wurdt wol in ynflaasjekorreksje fan 3,25% tapast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)