Dielnimmersrekord Kennedymars

© Omrop Fryslân
474 minsken ha har opjûn foar de Kennedymars fan Wâlterswâld. De kuiertocht fan 80 kilometer giet freedtejûn om 22.00 fan start. De organisaasje ferwachtet dat se de 500 dielnimmers dit jier wol oprêde. Freedtejûn tusken 18.00 en 22.00 kinne minsken har noch oanmelde foar de tocht.
De kuiertocht giet troch de Wâlden en fiert lâns plakken as Dokkum, Bûtenpost, De Westereen en begjint en einigt yn Wâlterswâld.