Ambulânsesjauffeurs op fitness

© Omrop Fryslân
Kylstra Persoaneferfier fan Drachten set meikoarten útein mei in spesjaal bewegingsprogramma foar de 250 meiwurkers. It giet om benammen taksisjofeurs en ambulansepersoniel.
Foarearst giet it om in proef mei 50 meiwurkers. As it goed útpakt kinne alle meiwurkers op frijwillige basis meidwaan. Doel is de meiwurkers sûn te hâlden sadat it bedriuw minder jild kwyt is oan sykteferlof. Dat ferlof is mei 1,5 persint no ek al oan de lege kant.