Thomas Prager ferlit H´fean

Thomas Prager: werom nei Eastenryk
Thomas_Prager giet nei alle gedachten noch foar it ferstriken fan de transfer-deadline fan 1 septimber fuort by SC_Hearrenfean. De middenfjilder trainde freed al net mear mei. Hy reizget ôf nei syn heitelân Eastenryk. Dêr soene neffens Prager twa klubs belangstelling foar him hawwe.
Ek út Skotlân, Itaalje en Ingelân is ynteresse foar de 22-jierrige spiler. Thomas_Prager spile fiif seizoenen foar SC_Hearrenfean.