Hooijboer hoecht gjin ôfskie

29 aug 2008 - 12:03
  • Rick Hooijboer: gjin nocht oan ôfskie

Eks-Cambuur spiler Rick_Hooijboer sjocht ôf fan in offisjeel ôfskie fan de klub. Hooijboer soe freedtejûn yn it skoft fan de wedstriid tsjin Emmen yn it sintsje set wurde. It kontrakt fan de ferdigener waard dizze simmer ôfkocht omdat trener Jurrie Koolhof net mear fierder mei him woe.

Hooijboer spile mei-inoar 86 wedstriden foar Cambuur, dêr´t hy 4 kear yn skoarde. De lêste wedstriid dy´t hy spile wie tsjin Volendam. Yn dy wedstriid bruts hy in skonk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)