FF: Skea ynstruminten ûnbekend

29 aug 2008 - 11:36

It is noch net dúdlik hoe grut de skea is oan de ynstruminten, dy't brûkt binne by it iepeningskonsert fan it Frysk Festival. Ferline wike freed spilen 400 leden fan muzykferienings op it Aldehoustertsjerkhôf.

Oane ein fan it konsert waard fjoerwurk ôfstutsen. Resten dêrfan bedarren op de ynstruminten. In part fan 'e ynstruminten rekke dêrtroch skânsearre. Fersekeringseksperts moatte no besjen hoe grut de skea krekt is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)