Plysje nimt rydbewiis yn

© Omrop Fryslân
De plysje yn Drachten hat tongersdeitemiddei it rydbewiis ynnaam fan in 32-jierrige ynwenner fan De Pein. De man wie op de Skûtmakkerstrjitte tsjin in lantearnpeal riden en oanslutend útnaaid.
De man waard yn 'e omjouwing oantroffen. Nei in ademanalyse op it plysjeburo moast De Peinder syn rydbewiis ynleverje en der is proses- ferbaal opmakke foar ûnder oare it ferlitten fan it plak nei in oanriding.