CDA wol fyts út muorre

Tekening fan 'e 'bike-dispenser'
De CDA-fraksje yn Ljouwert wol dat de gemeente de mooglikheden besjocht om in saneamde 'bike-dispenser' by Goutum oanlizze te litten. It giet hjir om in folautomatyske fytsestalling foar sa'n 50 oant 100 fytsen, foar de ferhier.
It CDA-hat hjiroer fragen steld oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert. Mei de 'bike dispenser' wol it CDA de berikberens fan de stêd ferbetterje en it gebrûk fan de fyts as ferfiersmiddel foar nei it wurk stimulearje.