Bettere begelieding stazjêres

28 aug 2008 - 20:48

GGZ Fryslân wol it oannimmen en begelieden fan stazjêres profesjoneler oanpakke. Tefolle stazjêres heakje te betiid ôf, omdat se net goed begelaad wurde. Dêrom is der no in spesjaal staazjeburo opset mei spesjalisten op it mêd fan staazjes en opliedings.

De GGZ is mei 2000 wurknimmers ien fan de grutste wurkjouwers fan it noarden. By de organisaasje is romte foar mear as 150 stazjêres. Dy wurde no binnen de ferskate ôfdielings begelaad. It staazjeburo nimt dy taak no oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)