Starum wint Beakenprojekt

Starum hat it Beakenprojekt 'Hjir en dêr' fan it Frysk Festival wûn. It bouwurk fan de stêd waard keazen út trettjin beakens, dy't oan de wedstryd meidiene.
It beaken fan Starum is makke fan stokken fan de fiskôfslach yn it stedsje. Oan de stokken hingje flessen mei dêryn boadskippen fan de ynwenners oan de wrâld. Starum krijt as priis in foarstelling oanbean fan 'e folkband Stockholm-Lisboa Projekt, dêr't alle ynwenners fergees hinne kinne.