Zorgbelang Fryslân krijt jild

© Omrop Fryslân
Zorgbelang Fryslân hat fan de gemeente Smellingerlân in subsydzje krigen fan 1150 euro. Dat bedrach is in kompensaasje foar it útdielen fan saneamde mantelsoarchkoffers by sikehûs Nij Smellinge.
Yn it kofferke sit ynformaasje oer de help dy't mantelsoargers krije kinne fan de gemeente. It is ien fan de spearpunten yn it soarchbelied fan de gemeente om minsken stipe te jaan om pasjinten sa goed mooglik te helpen.