Fúzje iepenbiere basisskoallen

28 aug 2008 - 13:32

De bestjoeren fan de iepenbiere basisskoallen yn East- en Weststellingwerf binne fan doel te fusearjen. Yn de beide Stellingwerven binne 34 iepenbiere skoallen, mei 3300 learlingen en 300 personielsleden.

De gemeenterieden moatte noch akkoart gean mei de fúzje. Rinze Boersma is as projektlieder belutsen by de foarnommen fúzje dy't op 1 jannewaris syn beslach krije moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)