Guus Meeuwis yn Abe-stadion

Guus Meewis komt juny 2009
Guus Meeuwis sil 6 juny takom jier in grut konsert jaan yn it Abe Lenstra Stadion. De Brabânske sjonger wol in konsert jaan foar syn fans yn Noard- Nederlân. Dy moatte no al trije jier lang nei it PSV-stadion yn Eindhoven om de megakonserten fan Meeuwis by te wenjen.
De nije konsertrige ´Groots met een zachte G´ begjint op It Hearrenfean en pas dêrnei sil Guus twa jûnen optrede yn Brabân. De kaartferkeap begjint op 12 septimber.