Wetterproblemen Wâldsein

28 aug 2008 - 12:00

Ynwenners fan Wâldsein en omkriten hawwe tongersdei in skoftlang te krijen hân mei in steuring yn de wetterlieding. Troch in stikkene brânkraan by it doarp moast in lieding ôfsletten wurde.

De ynwenners krigen har wetter fia oare liedingen. Omdat dat tinnere liedingen wiene, stie der minder druk op it wetter. Wetterbedriuw Vitens hat it it probleem yntusken ferholpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)