Trio wol strjitnammeboerd ha

28 aug 2008 - 11:29

De plysje hat woansdei yn Noardburgum trije manlju oanholden om't se in strjitnammeboerd stelle woene. In tsjûge seach dat it trio besocht in strjitnammeboerd fuort te heljen op de Alde Kommisjewei en belle 1-1-2.

Doe't de plysje kaam, wiene de manlju al útnaaid. Even letter koene se dochs oppakt wurde. Se hiene har ferstoppe by in sleatswâl en kamen krekt wer foar 't ljocht. De manlju joegen fuortendalik ta dat se it strjitnammeboerd stelle woene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)