Jonges oerfallen yn Ljouwert

28 aug 2008 - 10:24

In jonge (17) út Ljouwert is woansdei- tenacht oerfallen. It slachtoffer rûn mei in freon oer de Skieringerwei. Se waarden oansprutsen troch in man dêr´t se earder op de jûn mei praat hiene. De man rûn op de Ljouwerter ôf en pakte him yn ´e nekke beet.

De jonge moast syn bûsen leechmeitsje. It slachtoffer joech dêrnei syn tillefoan en pinpas oan de man. De freon fan de Ljouwerter waard fûllearre doe´t er sei dat er neat by him hie. De fertochte naaide dêrnei út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)