Fiskers dreech troch natuer

28 aug 2008 - 10:05

It binne net de miljeuclubs dy´t it de fiskers op It Waad dreech meitsje, mar de natuer sels. Dat seit direkteur Van_Kersen fan de Waadferiening as reaksje op útspraken fan boargemaster Scheffer fan Harns, dien op de fiskerijdagen.

Scheffer fynt dat miljeubelange-groepearrings in te grut stimpel drukke op de ûntjouwing fan it Waad. De striid tusken mokselfiskers en miljeuclubs is neffens him ûnearlik. Lytse fiskers hawwe gjin jild en tiid foar juridyske prosedueres.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)