Twivel by spilers Flyers

De on-line aksje rint noch net hurd....
IIshockeyclub Flyers hat woansdeitejûn om ´e tafel sitten mei syn spilers. Om´t der noch gjin haadsponsor is, hat de club op dit stuit net genôch jild om de spilers te behâlden. Dêrtroch is twivel ûntstien by ferskate spilers oft se bliuwe wolle.
Flyers is wol tichtby in akkoart mei in lytsere sponsor en hopet dêrmei in pear bûtenlanners op It Hearrenfean te hâlden. De club hat 8 septimber as deadline steld. Is der dan gjin jild, dan sille in protte spilers fuortgean.