Aksje om besite Russyske bern

27 aug 2008 - 20:23

De 22 bern út Tsjernobyl kinne mooglik dochs fan it neijier op fakânsje yn Stiens. CDA-Keamerlid Pieter_Omtzigt hat mei de ambassadeur fan Wyt-Ruslân praat oer it útbliuwen fan fisa foar de bern. Dy hat tasein it ûnderwerp mei de presidint te bepraten.

Sûnt tsien jier komme alle jierren Wytrussyske bern by gastgesinnen yn Stiens. Omdat in gastgesin yn Amearika harren útfanhûzer net mear weromgean litten hat, wurket it lân net mear mei oan fakânsjes foar de bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)