Grien ljocht tsjerke Koudum

27 aug 2008 - 19:58

De bou fan in baptistetsjerke yn Koudum mei trochgean. De Rie fan Steat hat dat tiisdei bepaald. Omdat buertbewenners net wolle dat op de hoeke grûn oan de Nieuweweg in tsjerkegebou komt, is der mear as twa jier oer de bou prosedearre.

De Súdwesthoeke hat in libbene baptistemienskip. In tsjerke yn Koudum is nedich omdat de tsjerke yn Starum te lyts is foar alle belangstellenden. De bou fan de tsjerke yn Koudum begjint sa gau mooglik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)