Wurk provinsjehûs start letter

27 aug 2008 - 16:27

De oanbesteging foar de nijbou fan it provinsjehûs yn Ljouwert is mei in moanne ferlingd. Yn stee fan 1 septimber kinne boubedriuwen no oant 1 oktober berekkenje oft se it dwaan kinne foar it budzjet fan 60 miljoen euro. De bedriuwen hawwe sels om útstel frege.

It sloopwurk fan it âlde gebou kin no pas takom jier út ein sette. In eardere oanbesteging mislearre omdat de bedriuwen op it lêste momint seine it net dwaan te kinnen foar it jild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)