Kreakster lit har net útsette

Kreakster op Skylge lit har net útsette
De gemeente kin Sandra_Schneider net samar út har kreakhûs op Skylge sette. Dat seit se yn in reaksje op it fersyk fan 'e gemeente om sa gau mooglik út it hûs wei te gean. De wente stiet mear as in jier leech en dan mei der wetlik kreake wurde, seit Schneider.
Dochs hopet frou Schneider sels ek dat se gau in oar hûs fynt, al of net mei help fan 'e gemeente. Se sit no mei trije bern yn it kreake hûs. Dêr is woansdei stroom, gas en wetter oansluten.