Nominaasje jongereinpriis

© Omrop Fryslân
De gemeente Eaststellingwerf is nominearre foar de Jong_Lokaal_Bokaal. Dat is in priis foar gemeenten dy´t in soad dogge foar jongerein en dy´t dêr ek de jongerein sels by belûke. De priis is in inisjatyf fan de Nationale_Jeugdraad en it Ministearje foar jeugd en gesin. De priis wurdt dit jier foar it earst útrikt.
Op 20 novimber heart Eaststellingwerf oft de gemeente de bokaal ek echt wûn hat. Der binne trettjin gemeentes dy´t kâns meitsje op ´e priis.