Jan Brander tredde op WK

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Jan_Brander fan Oerterp is woansdei tredde wurden op it wrâldkampioenskip tiidriden yn de kategory masters 60+. Yn Sankt_Johann yn Eastenryk moast er nei 20 kilometer allinne de Amerikaan Kenny_Fuhler en de Noar Kaare_Christoffersen foargean litte.
De lêste jierren stiet de hâlder fan it wrâldoererekord op ´e baan alle kearen op it poadium. Sa waard Brander ferline jier twadde, it jier dêrfoar wie er ek tredde.