Lawaai-optocht foar Niels

27 aug 2008 - 12:18

Der soe in lawaai-optocht komme moatte foar Niels_Kooistra, de Ljouwerter (28) dy't begjin dizze moanne delstutsen is. VVD-riedslid Feddema skriuwt dat op syn weblog. Kooistra wie slachtoffer fan geweld. Nei de stekpartij wie er sa bot ferlamme dat er in ein oan syn libben meitsje liet.

Wyb_Feddema wol mei de optocht dúdlik meitsje dat sinleas geweld echt ophâlde moat. De tochten foar Fetter en Tjoelker wiene noch stil, mar hawwe gjin gerjochte aksjes opsmiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)