Sylwedstriidsintrum by Warkum

Warkum: plan foar sylwedstriidsintrum
Warkum krijt by It Soal mooglik in tydlik sylwedstriidsintrum. Dêrfoar is in bou-oanfraach yntsjinne troch in pleatslike sylferiening. De gemeente Nijefurd wol meiwurkje, mar it past net yn it bestimmingsplan. De ried moat no in tariedingsbeslút nimme. Dêrom komt der earst in tydlik ûnderkommen op De Punt fan It Soal, wat fiif jier bliuwe mei.
It Soal hat no gjin wedstriidsintrum dat past by de organisaasje fan grutte sylwedstriden.