Motyf moard De Blesse riedsel

De plysje hat gjin idee oer it motyf
De plysje hat noch hieltiten gjin idee wat it motyf west hat foar de moard op Ida Klijnstra fan De Blesse. Tiisdeitejûn wie yn Opsporing Verzocht in rekonstruksje te sjen fan de dei fan de moard.
De plysje siket noch hieltyd om ynformaasje oer de donkerblauwe Mercedes dy't op de dei fan de moard yn it doarp sjoen is. Mar ek op 2 augustus ried der in ûnbekende Mercedes troch de buert en ek oer dy auto wol de plysje graach mear hearre.