Marreprojekt: noch 250 miljoen

Freek de Jonge en Van Klaveren
Yn it twadde part it Fryske Marreprojekt moat noch op syn minst 250 miljoen euro ynvesteard wurde. Dat sei Kommissaris fan 'e Keninginne Jorritsma tiisdei by de ôfsluting fan de earste faze fan it projekt.
Meiïnoar is de ôfrûne tiid 330 miljoen euro stutsen yn it oanlizzen fan ûnder oare akwadukten sadat automobilisten gjin lêst ha fan lange wachttiden foar brêgen. Ald-deputearre Van Klaveren hat it Fryske Marreprojekt betocht. Hy krige in boek fan Freek de Jonge.