Skylger kreaker moat hûs út

© Omrop Fryslân
De gemeente Skylge wol kreaker Sandra_Schneider sa gau mooglik fuort hawwe út de wenning. Frou Schneider hat begjin dizze moanne in hûs kreake yn West-Skylge. Dat die se neidat se har eigen hûs út moast, omdat dat twongen ferkocht waard en der gjin oare wenromte beskikber wie.
It kreake hûs is fan ´e gemeente. Dy kocht it fiif jier lyn om it ôfbrekke te kinnen om romte te meitsjen foar nijbou. De gemeente hat frou Schneider witte litten dat se yn oertreding is.