Plysje sjit hûn dea op A32

26 aug 2008 - 15:13

De plysje hat tiisdeitemiddei op autodyk A32 fan Ljouwert nei It Hearrenfean op ´e hichte fan Nes in skoft achter in losrinnende hûn oansitten. De plysje moast ferskate minsken ynsette om de hûn te pakken te krijen en foar te kommen dat de hûn op ´e nij de autodyk oprinne soe.

Lang_om_let koe de hûn yn in stik lân ynsletten wurde. Neffens de plysje wie der sprake fan in gefaarlike situaasje. De plysje hat dêrom de hûn deasketten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)