Alvestêdefyts4daagse faai

Der wurdt tiisdei nei Dokkum fytst
De takomst fan de Alvestêdefytsfjouwerdaagse stiet op ´e tocht omdat it elk jier dreger wurdt de finânsjes rûn te krijen. In oar probleem is it fergriizjen fan de frijwilligers.
Der dogge mei-inoar sa´n tûzen fytsers mei oan ´e fytstocht by de Alve_Stêden del. Yn Snits wie tiisdeitemoarn de start fan de alfde edysje fan it evenemint. Der wurdt tiisdei nei Dokkum fytst, in tocht fan 105 kilometer. Woansdei docht de fjouwerdaagse Harns oan.