Waadfûns: gjin oanfraach kres

26 aug 2008 - 14:26

De seehûnekres sil net in nije subsydzje-oanfraach dwaan by it Waadfûns. In eardere oanfraach fan 13 miljoen foar nijbou waard in pear moannen lyn ôfwiisd. De direksje fan de kres wol net it risiko rinne dat in nije oanfraach yn septimber wer ôfkard wurdt.

De plannen foar de ferhuzing nei Delfsyl wurde no op de lange baan skood. De seehûnekres rjochtet him no earst op it ferbetterjen it plak dêr´t de kres no sit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)