Amelanner belestingen omheech

26 aug 2008 - 10:51

De belestingen op It Amelân gean takom jier flink omheech. Foar de ûnreplik saakbelesting moat 10 prosint mear betelle wurde, oare belestingen gean mei 7 prosint omheech. It Amelân hat ekstra ynkomsten nedich om de bou fan in nije brânwachtkazerne te beteljen.

Ek is jild nedich foar it ûnderhâld fan diken, de ferbou fan in skoalle, de rekonstruksje fan de feardaam en de ynrjochting fan in bibleteek. Boppedat is der jild nedich foar de pot, dêr't It Amelân FC Grins mei sponsort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)