Ynbraak yn sintrum Drachten

26 aug 2008 - 10:41

Der is moandeitenacht ynbrutsen yn in winkel oan it Kyriat Onoplein yn Drachten. In omwenjende hearde om in oere as healwei fjouweren in pear hurde klappen, wêrnei't se twa manlju yn in bestelbuske fuortriden seach.

Fan 'e winkel wie in doar forseard. Yn de winkel wiene ferskate fitrines iepenbrutsen dêr't sigaretten en sjek útstellen wie. De plysje hat nei de melding noch in tal bestelbussen yn de omjouwing kontrolearre, mar dat hat neat opsmiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)