'Strang tasjen op sintrale'

25 aug 2008 - 21:29

De steatefraksje fan GrienLinks set grutte fraachtekens by de útfiering fan de myljeufergunning foar de reststoffe-enerzjysintrale fan ôffalferwurker Omrin yn Harns.

Neffens de partij is Omrin net te fertrouwen en is it net wis dat it bedriuw him hâlde sil oan de regels. GrienLinks is benaud dat der tefolle gefaarlike stoffen útstjitten wurde sille. De partij ropt de provinsje dan ek op ta strang tafersjoch op de reststoffe-enerzjysintrale.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)