Kalou snein net tsjin Volendam

25 aug 2008 - 14:53

Bonaventure Kalou mist snein it begjin fan de kompetysje mei de Sportclub Hearrenfean yn en tsjin Volendam. De nije oankeap fan SC Hearrenfean hat in hamstringblessuere oerhâlden oan de oefenwedstriid tsjin Real Sociedad fan ôfrûne freed. Kalou moast freed al nei tsien minuten nei de kant.

Neffens de fysioterapeut fan Hearrenfean giet it om in ferrekking fan de hamstring. De Ivoriaanske oanfaller moat it sa'n fjirtjin dagen kalm oandwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)