Fast Ferry hast útfearn

25 aug 2008 - 14:42

De Fast Ferry boat fan Connexxion, dy't by de Iselmarkust del giet, fart dizze wike foar it lêst. Dit neijier sil der in evaluaasje plakfine mei de provinsje Fryslân en moat dúdlik wurde oft de Ferry takom jier wer farre sil.

De boat fan Connexxion fart sûnt begjin augustus. It tal passazjiers naam elke wike ta oant inkelde hûnderten deis. It bedriuw hat wol lest hân fan it grutte tal dagen mei hurde wyn, want dan kin de boat net farre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)