Skea oan ynstruminten festival

25 aug 2008 - 11:43

Der is foar tsientûzenen euro's skea oan de blaasynstruminten dy't ynset binne by it iepeningsspektakel fan it Frysk Festival fan ôfrûne freed. Mei in muzyk- en fjoerwurkshow waard it kulturele festival yn Ljouwert iepene. It seech der moai út en it klonk fantastysk, mar de blaasynstruminten binne skansearre troch it fjoerwurk.

Yn it koper sitte allegearre swarte puntsjes en gatsjes troch de fonken. Oan 'e ein fan 'e wike moat dúdlik wêze hoe grut oft de skea krekt is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)