EVT mooglik langer fergees

25 aug 2008 - 10:28
  • De EVT set yn septimber de snelboat yn

De Eigen Veerdienst Terschelling giet mooglik ek nei 1 septimber troch mei it fergees ferfieren fan passazjiers. De EVT nimt dêr dizze wike in beslút oer, seit eigner Bernard Haantjes. Hy is tefreden oer de earste wike fan de feartsjinst. Der binne in pear hûndert passazjiers oerset.

Op dit stuit fart de EVT noch mei reserveskip de Stortemelk, omdat noch net alle formaliteiten rûn binne om de Willem Barentsz yn de feart te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)