Jaap de Blaauw nei Blau Wyt'34

25 aug 2008 - 10:08

Jaap de Blaauw wurdt de nije trainer fan sneons-earsteklasser Blau Wyt'34 út Ljouwert. De 59-jierrige De Blaauw is de opfolger fan Riemer Kooistra dy't yn de tarieding op it nije seizoen opstapte.

Jaap de Blaauw is âld-spiler fan Go Ahead Eagles, SC Cambuur Ljouwert en SC Hearrenfean. De lêste sechtjin jier wenne De Blaauw yn Tilburch. Yn Brabân trainde hy ferskillende amateurclubs. Foar dy perioade wie hy trainer fan ûnder oaren Broekster Boys en Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)