Ynbrekkers betrape yn Jirnsum

25 aug 2008 - 09:50

Twa manlju binne moandeitemoarn betiid op 'e die betrape by in ynbraak by in bedriuw oan It String yn Jirnsum. Neidat it alaarm ôfgie, seagen plysjeminsken dat in rút stikken wie.

It gebou waard omsingele troch plysjeminsken en der waard help fan in plysjehûn ynroppen. Wylst de plysjeminsken op de hûn wachten, naaiden de ynbrekkers út op in brommer. In motorplysje koe de manlju achterhelje. In Ljouwerter (25) en in Boalserter (25) waarden oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)