Trio Dijkstra wint Ysbrechtum

© Omrop Fryslân
Géjanna Dijkstra, Gerieke de Groot en Afke Hijlkema wiene snein yn Ysbrechtum oppermachtich. Yn de finale fan de revânsj-partij foar de froulju's PC wûnen se mei 5-1 en 6-4 fan Margriet Koelmans, Brecht Gerbrandy en Baukje Aalbers.
De PC-winners Afke Kuipers, Ingrid de Haan en Leonie van der Graaf foelen bûten de prizen. Yn de striid om de lytse preemje ferlearen se fan it partoer fan Maaike Joostema, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra.