Van der Pal en Venema Kampioen

24 aug 2008 - 15:41

Stefan van der Pal fan Ljouwert is snein yn Drachten Frysk kampioen duatlon wurden. Hy kaam as fjirde oer de streek en wie dêrmei de bêste Fries. Nei in hiele rekkenerij wiisde de sjuery Ben Plantinga út Glimmen as winner oan. By de froulju gie de Fryske titel nei Geke Venema fan Easterlittens.

Oarspronklik stie der in triatlon op it programma. De organisaasje moast lykwols it swimûnderdiel skrasse fanwege in baktearje yn it swimwetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)