Fjochtpartij yn Ljouwert

24 aug 2008 - 14:19

By in fjochtpartij by in hoarekasaak oan de Nijstêd yn Ljouwert binne sneontenacht twa minsken ferwûne rekke. Meardere besikers hiene spul krigen mei elkoar. De oanlieding lei yn in earder konflikt.

In Ljouwerter (22) rekke ferwûne oan in hân en moast nei it sikehûs. In man (27) út Den Haach rekke troch in klap ferwûne oan de holle. Ek hy moast nei it sikehûs. In Ljouwerter (27) is oppakt op fertinking fan mishanneling. Hy sit noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)