Bedriging yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneon in Ljouwerter (39) oanholden foar bedriging en fernieling. In plakgenoat (47) hie yn in hoarekasaak spul krigen mei de fertochte. Letter waard er yn syn auto klemriden op de Oosterkade.
De fertochte bedrige it slachtoffer mei in wapen. Maten fan de fertochte fernielden it foarrút fan syn auto en skopten in dûk yn syn wein. It slachtoffer krige ek klappen. De plysje koe de fertochte oanhâlde op it Bataviaplein.