Staveringshifker foar Firefox

24 aug 2008 - 13:32

Neidat der yn juny in Fryske Firefox útbrocht is, is der no ek in Fryske staveringshifker geskikt foar Mozilla Firefox.

Nei it ynstallearjen fan de saneamde tafoeging kin de staveringshifker brûkt wurde foar it ynfoljen fan online formulieren, it meitsjen en bewurkjen fan Wikipedia-siden of it skriuwen fan emails yn in webmailomjouwing. Boppedat kin deselde tafoeging ek brûkt wurde yn it emailprogramma Thunderbird.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)