Alkoholfrij feest yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Om jongeren fan de drank ôf te hâlden, moat der in alkoholfrij feest yn Ljouwert komme. It kolleezje fan B&W fynt it foarstel fan de CDA-fraksje in goed idee en wol deroan meiwurkje.
It alkoholfrije feest is bedoeld foar bern fan 9 oant 16 jier. Neffens it kolleezje kin it feest de jeugd dúdlik meitsje dat se ek in moai feestje bouwe kinne sûnder drank. B&W tinke dat it feest it alkoholgebrûk ûnder jongeren werombringe kin.